Freed alternative 11stêdetocht

30 jan 2014 - 14:09
  • It peleton ûnderweis op de Weissensee yn Easternryk yn 2013

De Alternative Alvestêdetocht wurdt in dei nei foaren helle. Dat betsjut dat de reedriders op de Weissensee yn Eastenryk op freed yn aksje komme, en net op sneon. Dat hat de organisaasje besletten op basis fan de waarsferwachting.

Foar it kommende wykein wurdt te folle delslach ferwachte. Freedtemoarn betiid wurdt der yn oerlis mei de ploechlieders in definityf beslút nommen. As it dan noch net kin, wurdt de hiele Alternative Alvestêdetocht skrast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)