Fredesmissy yn Irak

17 feb 2003 - 00:00

Irak stelt militêr en ekonomysk neat mear foar. Dat seit dûmny Cor Keijzer fan Ljouwert. Hy wie op in fredesmissy yn Bagdad mei in groep Amerikanen, Kanadezen en in Skot. Dêrmei wolle se dúdlik meitsje dat in oarloch gjin oplossing is.

Neffens Keijer witte de Irakezen hiel goed dat it Westen him tariedt op in oarloch. In massale oanfal op it lân fine se net demokratysk. De ekonomyske boycot hat it lân al genôch skea dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)