Fredesekspres oer de oarloch

03 apr 2013 - 11:17
  • Fredesekspres

In edukative trailer yn Ljouwert soarget foar ferfanging fan it Fersetsmuseum. Dat museum is noch oant septimber ticht yn ferbân mei de ferhuzing nei it nije Fries Museum. April is faak in drokke moanne foar it museum om't skoallen flak foar befrijingsdei in soad omtinken jouwe oan de Twadde Wrâldoarloch.

Yn de Fredesekspres krije skoalbern tusken de 10 en 14 jier fragen en opdrachten oer frijheid en demokrasy. In grut diel fan de lessen yn de trailer is al folboekt. It kommend wykein kin elkenien yn de trailer sjen. Dan is it museumwykein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)