Fred Veenstra ynstallearre as boargemaster De Fryske Marren

01 des 2015 - 21:07

Fred Veenstra is tiisdeitejûn offisjeel ynstallearre as boargemaster fan de gemeente De Fryske Marren. Dat barde yn in spesjale gemeenteriedsgearkomste.

CDA'er Veenstra hat sûnt 2010 boargemaster fan de gemeente Frjentsjerteradiel west. Dêrfoar wie er CDA-fraksjefoarsitter yn de ried fan Smellingerlân en letter wethâlder yn dyselde gemeente. Yn De Fryske Marren folget Veenstra Arie Aalberts op, dy't sûnt de fúzje begjin 2014 waarnimmend boargemaster wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)