Fred Veenstra nije boargemaster gemeente De Fryske Marren

30 sep 2015 - 20:30
  • Fred Veenstra

Fred Veenstra wurdt de nije boargemaster fan de gemeente De Fryske Marren. Dat is woansdeitejûn bekend makke nei ôfrin fan de besletten riedsfergadering.

CDA'er Veenstra (52) is sûnt 2010 boargemaster fan Frjentsjerteradiel, mar sil dus oan de slach yn De Fryske Marren. Earder wie hy wethâlder yn de gemeente Smellingerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)