Fred Grim wurdt nije bûnscoach fan Jong Oranje

22 jun 2015 - 16:59
  • Fred Grim

Fred Grim (49) wurdt de nije bûnscoach fan Jong Oranje. De âld-Cambuur doelman is mei it fuotbalbûn KNVB in kontrakt oerien kaam oant en mei it EK ûnder 21 yn 2017.

Grim stie fan 1986 ôf acht seizoenen ûnder kontrakt yn de Fryske haadstêd en stie yn dy perioade 272 wedstriden efterinoar op doel. Grim wie de ôfrûne trije seizoenen haadtrainer by Almere City FC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)