Freark Smink stapt út jubileumfoarstelling Grûn fan Tryater

13 maaie 2015 - 07:37
  • Freark Smink

Akteur Freark Smink makket net langer diel út fan jubileumfoarstelling 'Grûn' fan toanielselskip Tryater, skreaun troch artistyk direkteur Ira Judkovskaja. Smink hat oanjûn dat hy him net mear fine kin yn de rol dy't hy spylje moat. Freark Smink soe yn earste ynstânsje yn it famyljestik, mei 16 personaaazjes, ien fan de haadrollen spylje, mar geandewei it skriuwproses waard syn rol lytser as ferwachte. En dat wie foar Freark Smink reden om de stekker der út te lûken.

It stik is skeraun yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan Tryater.

It stik wurdt nei de kommende hjerst opfierd yn De Lawei yn Drachten. De kaartferkeap foar Grûn is krekt útein set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)