Fraudeur krijt straf

30 jul 2004 - 17:38

In 45-jierrige man út Wergea hat tongersdei 240 oeren wurkstraf krigen fanwegen fraude. Hy hat as wurknimmer fan soarchfersekerder De Friesland hast 2,5 ton achteroer drukt. De man brûkte falske deklaraasjes mei gegevens fan minsken dy't al stoarn wienen. De bedraggen dy't betelle waarden, kamen op syn eigen bankrekken.

Neffens de Wergeaster soe er it jild oan goede doelen jaan. De rjochter yn Ljouwert leaude dat net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)