'Fraudekeamer moat net fuort'

23 jan 2012 - 16:35
  • Justysje

It ferdwinen fan de Noardlike Fraudekeamer soe spitich wêze. Dat seit parserjochter Wiebe Claus yn Assen út namme fan dy fraudekeamer. Foar it noardlik gearwurkingsferbân fan de rjochtbanken Ljouwert, Grins en Assen is gjin plak mear yn de nije opset fan de rjochtbanken. De Noardlike Fraudekeamer behannelet fyftich grutte saken yn it jier.

Der driget no ekspertize ferlern te gean, seit Claus. De gearwurking bestiet al sûnt 1993. Wêr't de saken aanst behannele wurde sille, is noch ûndúdlik.

It risiko is yn alle gefallen grut dat Friezen tenei fierder reizgje moatte foar in saak. De Earste Keamer moat noch wol beslute oer de nije opset fan de rjochtbanken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)