Frânsman oppakt foar drugs

30 aug 2010 - 10:07

De plysje hat sneintejûn yn Snits in Snitser (30) en in man út Parys (29) oanhâlden op fertinking fan it hawwen fan en it hanneljen yn softdrugs. De plysje wie tipt dat der in hûs oan de Spitaal leechhelle waard. De mannen laden jiskamerpûden yn in bestelbus.

De plysje hold de mannen oan en fûnen yn de bus pûden fol mei himp. De bestelbus en de himp binne yn beslach nommen. Yn it hûs oan de Spitaal waard in lege himpkwekerij fûn. De apparatuer is ek yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)