Frânske titel foar Joop Mulder

06 jun 2008 - 20:06
  • In Frânsk lintsje foar Joop Mulder

Oprjochter en artistyk lieder Joop Mulder fan it Skylger Oerol Festival hat in wichtige hege Frânske ûnderskieding krigen. Mulder is beneamd ta Ridder yn de oarder fan de keunsten en letteren.

De Frânske minister fan kultuer priizget Mulder foar syn fertsjinsten foar it fersprieden fan de Frânske kultuer en poadiumkeunsten yn de wrâld. Yn de ofrûne 25 jier ha mear as 100 Frânske selskippen op Oerol stien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)