Frânske dûns slút festival ôf

26 apr 2013 - 11:02
  • Strjitfestival 2011

In Frânske teatergroep slút it Fries Straatfestival op 25 maaie op spektakulêre wize ôf. Dûnsers fan Compagnie Retouramont dûnsje op in tou yn de loft boppe it Wilhelminaplein. It tou komt tusken it dak fan it Fries Museum en de rjochtbank. Compagnie Retouramont komt in wike foar it strjitfestival al nei Ljouwert om op de act ta te rieden. It is de earste kear dat dit selskip op in grut festival yn Nederlân spilet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)