Frans Kingma fan De 2 Gemeenten wer om tafel mei Ljouwert

04 des 2015 - 17:27

De gemeente Ljouwert en de eigeners fan De 2 Gemeenten yn Jirnsum hawwe oankommende moandei in petear. Boargemaster Crone besleat fan 'e wike in part fan it partysintrum in moanne te sluten fanwege in fjochtpartij en omdat de saken net op oarder wêze soene. De eigeners binne it dêr net mei iens en tinke nei oer juridyske stappen. Dat is no efkes útsteld fanwege it petear fan moandei mei de gemeente.

Eigener Frans Kingma hopet dat de maatregels dêrnei fersoepele wurde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)