Frans Bauer yn lego

23 jul 2011 - 17:11
  • Frans Bauer yn lego (foto: Omrop Fryslân)

Yn Warkum wie sneon in bysûnder byld te sjen. It giet om byltnis fan folksjonger Frans Bauer makke fan legostientsjes. Der sitte 20.000 blokjes yn. Twa moanne is oan it byld wurke. It legobyld is in inisjatyf fan muzykstjoerder TV Oranje en it evemenint Lego World.

Frans Bauer wie yn Warkum om dêr op te treden op in simmerfestival. It byld is allinne sneon yn Fryslân te sjen. Dêrnei reizget Lego-Frans mei mei it muzykfestival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)