Frankryk - Jong Oranje: 3 - 0

19 nov 2004 - 10:38

Foppe syn Jong Oranje hat mei 3-0 fan Frankryk ferlern. De Frânsen kamen al nei 12 minuten foar troch in goal fan Gigliotti. Arnold Kruiswijk krige flak foar rêst in reade kaart, sadat Jong Oranje mei tsien man fierder moast.

Hearrenfean-spiler Jerrel Wolfgang waard yn 'e twadde helte ynset as wikselspiler, mar koe doe net folle mear dwaan oan de 3-0 achterstân. Boy Waterman en Klaas-Jan Huntelaar wiene fanwege blessueres net ynsetber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)