Fraksjelieder Dekker hâldt op

21 aug 2003 - 00:00

De fraksjelieder fan de Soasjalistyske Partij yn de gemeenterie fan Ljouwert, Jan-Paul Dekker, hâldt op mei syn riedswurk. Hy hat boargemaster De Boer frege om him mei yngong fan 9 septimber dien te jaan.

Dekker kin syn riedswurk net mear kombinearje mei syn stúdzje en oar wurk. Hy wurdt as fraksjelieder opfolge troch Jurgen van der Wal. Wa't syn plak yn de rie ynnimt, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)