Fraksjefoarsitter VVD hâldt op

13 jul 2006 - 16:33

De ried fan Nijefurd hobbelt te folle achter it kolleezje oan en nimt net genôch it heft yn hannen om sels it kolleezje te regisearren. Om dy reden leit VVD-fraksjefoarsitter Sietske Hofman it foarsitterskip del.

Se kin har net fine yn de bestjoerskultuer op it Warkumer stedhûs, mar fynt mei har klacht gjin gehoar by har fraksje en de rest fan de kolleezjepartijen. Se bliuwt wol riedslid en lid fan de VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)