Fraksjefoarsitter Pier Tilma stapt út FNP-fraksje Ljouwert

01 apr 2016 - 11:52

Fraksjefoarsitter Pier Tilma fan de FNP yn Ljouwert hat freedtemoarn besletten om út de FNP-fraksje te stappen. Tilma kin neffens eigen sizzen net goed oparbeidzje mei gemeenteriedslid Lyda Veldstra-Lantinga. "De situaasje yn de fraksje wie ûnwurkber wurden", seit Tilma der sels oer. "It kultuerferskil wie te grut om goed gearwurkje te kinnen."

De FNP-ôfdieling Ljouwert hat it yn in skriftlike ferklearring oer in "ynhâldlik ferskil fan ynsicht oer de koers fan de FNP". Yn de ôfrûne tiid ha Tilma en Veldstra in pear kear ferskillend stimd.

Tilma en Veldstra stimden ferskillend oer de winkeliepening op snein en ek oer de bestimming fan de Adelaartsjerke. Neffens Tilma binne dy politike ferskillen net de haadoarsaak fan de breuk, mar is it mear in kwestje fan persoanlikheden dy't net goed mei-inoar opsjitte kenne.

Pier Tilma hat besletten om troch te gean as riedslid op persoanlike titel. Tilma en Veldstra foarmje ien fraksje sûnt de weryndielingsferkiezings. Tilma komt út Ljouwert, Veldstra fan de eardere ôfdieling Boarnsterhim. Neffens Tilma hat it tusken de twa noait goed akkordearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)