Fraksjefoarsitter CU stapt op

12 jan 2011 - 20:05

Fraksjefoarsitter Albert Oostland fan de ChristenUnie yn provinsjale steaten is opstapt. Ek lûkt er him werom as kandidaat foar de kommende ferkiezings. Oostland stiet op plak trije fan de kandidatelist en is it dêr net mei iens. Hy stiet achter Piet Adema en Anja Haga. Oostland sjocht dat as beheining foar syn funksjonearjen as fraksjefoarsitter.

Albert Oostland hat 8 jier steatelid west foar de CU. Fjouwer jier wie er foarsitter fan de CU-fraksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)