Fraksje tsjin Zwientje Tikken

11 sep 2014 - 07:16
  • Zwientje Tikken

GrienLinks yn de gemeente Eaststellingwerf is tsjin it tradisjonele Zwientje Tikken op it doarpsfeest dat fan 18 oant 21 septimber yn Langedike hâlden wurdt. Neffens de fraksje is in aktiviteit werby bisten belutsen binne, net mear fan dizze tiid. It Zwientje Tikken is neffens de fraksje skealik foar de bargen, om't de bisten in soad stress ûnderfine.

GrienLinks wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte of dy fine dat dit ûnderdiel fan it programma kin.

Neffens Erwin Sinnige fan de feestkommisje falt it wol ta mei de stress by de baarch. De organisaasje hat om ynformaasje frege by de VWA en de lokale bistedokter. Dy sjogge gjin beswieren. De bistedokter is oanwêzich by it evenemint en sil de baarch yn de gaten hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)