Fragenlisten yn Achtkarspelen

23 maaie 2007 - 21:11

650 ynwenners fan Achtkarspelen hawwe dizze wike in formulier mei fragen krigen oer de tsjinsterliening fan de gemeente. De fraach is bygelyks oft je goed holpen wurde as je belje mei it gemeentehûs, of as je in e-mail stjoere.

De gemeente stelt dy fragen, omdat takom jier begongen wurdt mei in nij 'klantkontaktsintrum'. Dat hâldt yn dat der ien baly komt foar in hiel soad ferskillende fragen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)