Fragen VVD oer subsydzjes

04 maaie 2011 - 15:46

De provinsjale VVD hat fragen steld oan it kolleezje fan deputearre steaten oer de nije kritearia foar rykssubsydzjes. Se wolle witte oft deputearre steaten al aksje ûndernaam hat, want it is neffens har tige wichtich om yn Den Haach te lobbyen foar de Fryske kultuer. Der soe ek wer sjoen wurde moatte nei in gearwurking tusken de noardlike provinsjes.

Yn Fryslân hawwe benammen Tryater, Oerol en museum Princessehof te krijen mei de nije subsydzjeregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)