Fragen stakings oan Noordned

04 apr 2001 - 00:00

Ferfiersbedriuw Noordned krijt in soad fragen fan treinreizgers oer de stakings by it spoar tongersdei en freed. Noordned hat dêr hielendal neat mei te krijen, om't de stakings organisearre wurde troch it personiel fan de NS.

Noordned is gjin partij yn it konflikt tusken de direksje en it personiel fan de NS. Der wurdt de kommende dagen dan ek net staakt yn it Noordnedgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)