Fragen SP oer oanbesteging iepenbier ferfier

19 nov 2015 - 07:52

De fraksje fan de SP yn Provinsjale Steaten stelt fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de oanbesteging yn it iepenbier ferfier foar Súdeast-Fryslân en de Waadeilannen. Ien fan de gadingmakkers is EBS, dat is in dochterbedriuw fan it Israelyske Egged.

Dy fersoarget it busferfier tusken de Israelyske delsettingen yn beset Palestynsk gebiet en mei steden yn Israel. De SP wiist derop dat de delsettingen in skeining binne fan it Internationaal Humanitair Recht.

De partij fynt dat Fryslân allinnich saken dwaan moat mei bedriuwen dy't de minskerjochten respektearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)