Fragen SP oer nije oven

11 mrt 2007 - 16:25
  • It ûntwerp fan de ôffaloven

De SP yn de Twadde Keamer freget him ôf oft de nije ôffaloven by Harns wol past binnen it Ryksbelied foar de Waadsee. Offalferwurker Omrin is fan doel om dêr sa'n oven del te setten.

De Sosjalistyske Partij hat de minister fan miljeu skriftlik om opheldering frege. Ek wol de partij witte oft de oven wol út kin as der allinich ôffal út de omkriten ferbaarnd wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)