Fragen PVV oer site provinsje

27 jan 2012 - 09:39
  • PVV

De webside fan de provinsje Fryslân moat sa gau as mooglik folslein twatalich makke wurde. Dat fynt de steatefraksje fan de PVV. De site is no yn it Nederlânsk en neffens de fraksje is dat yn striid mei it taalbelied dat yn it koälysjeakkoart ôfpraat is.

Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën seit dat it net logysk is dat de site no yn it Nederlânsk is, omdat it Frysk twadde rykstaal is en promoat wurde moat. De provinsje is fan miening dat net eltsenien Frysk lêze kin en dat de measte besikers fan de webside fan bûten de provinsje komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)