Fragen PvdA oer oven Harns

30 jun 2009 - 10:23
  • Steatelid Aafke Postma begrypt net wêrom't de provinsje net meiwurke oan 'Zembla'

De steatefraksje fan de PvdA hat tiisdei fragen steld oan Deputearre Steaten nei oanlieding fan de útstjoering fan Zembla oer de ôffaloven yn Harns. De PvdA wol witte wêrom't Deputearre Steaten net meiwurke hat oan de útstjoering. Yn Zembla wurde fraachtekens set by de needsaak en de feiligens fan de oven.

De PvdA wol witte oft it berjocht kloppet dat Omrin yn Aldehaske ôffalhout en oare gefaarlike stoffen op in ferkearde wize ferwurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)