Fragen PvdA en SP Smellingerlân oer Alliade en Zorgcompas

18 apr 2016 - 23:15
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

De fraksjes fan de PvdA en SP yn Smellingerlân neame de mooglike belangeferfrisseling fan twa direkteuren by Alliade en Zorgkompas soarchlik en skealik foar de hiele soarchsektor. Se wolle witte oft it kolleezje fan boargemaster en wethâlders konsekwinsjes ferbine oan de kontrakten mei de soarchynstellings.

Yn de gemeenteried fan tiisdeitejûn sille de fraksjes fragen stelle oer de kwestje. Neffens PvdA en SP is de merkwurking yn de soarch te fier trochsketten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)