Fragen PAL/GL oer fûllearjen

25 feb 2009 - 11:11
  • Crone: Trochgean mei previntyf fûllearjen

PAL/GrienLinks yn Ljouwert wol mei boargemaster Crone prate oer it previntyf fûllearjen yn de gemeente. Crone hat tiisdei besletten om noch in jier troch te gean mei it previntyf fûllearjen om sa de kriminaliteit yn de binnestêd werom te bringen.

Neffens PAL/GrienLinks hat de maatregel amper effekt. It tal meldings fan bedrigings, mishannelings en strjitrôven is yn 2008 hast gelyk bleaun oan 2007. PAL/GL fynt dat der dêrom oare maatregels nedich binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)