Fragen OV-chip yn lytse bussen

11 apr 2012 - 14:16

De steatefraksje fan de ChristenUnie stelt fragen oer de OV-chipkaart yn lytse bussen yn Fryslân. Se wolle witte oft it gebrûk wol garandearre wurde kin. Yn Grinslân is de yntroduksje fan de OV-chip yn lytse bussen al stillein. Reizgers moatte dêr fan maaie ôf wer kaartsjes helje.

Reden foar it stillizzen is dat de leveransier fan mobile chipapparatuer him weromlutsen hat yn it projekt. De ChristenUnie wol witte oft yn Fryslân alle bussen foarsjoen binne fan apparatuer en oft hjir deselde problemen ferwachte wurde kinne as yn Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)