Fragen oprittebelied H'fean

04 aug 2011 - 11:07

De fraksjes fan de VVD en it CDA yn Hearrenfean hawwe fragen steld oer it oprydleanebelied fan de gemeente. Oanlieding binne wurksumheden yn de wyk De Greiden. De opritten by de huzen binne dêr folle smeller wurden. Dêrom kinne guon bewenners net mear mei de auto it hiem ôfkomme sûnder troch de berm te riden.

Neffens de fraksjes binne in soad minsken frustrearre oer de nije opritten. Wethâlder Hartsuiker fynt dat it wol wat tafalt mei de klachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)