Fragen oer wyksintrum C'buren

28 jun 2004 - 14:49

It wykbestjoer fan Camminghaburen wol witte hoe't it mei it wyksintrum komt. De behearder fan it sintrum yn de Ljouwerter wyk moat mei yngong fan 1 july op syk nei in nije baan. Hy is as WIW-er yn tsjinst, mar dy regeling wurdt opheft. En dat wylst der grutte plannen binne om in multyfunksjoneel sintrum fan it wykgebou te meitsjen.

De wykferiening hat yn in brief oan de gemeente en de riedsfraksjes om in gesprek oer de sitewaasje frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)