Fragen oer winkel Skoatterwâld

30 jan 2011 - 14:51

It CDA fan It Hearrenfean makket him soargen oer fertraging fan de supermerk yn Skoatterwâld. De partij stelt der fragen oer oan it kolleezje. De winkel soe yn it multyfunksjonele sintrum yn de wyk komme. Dat sintrum is sa'n 2 jier lyn iepen gien.

Twa basisskoallen, de berne-opfang en ferskate wolwêzensynstellings sitte der al lang yn, mar de supermerk is noch hieltyd net iepen. It CDA heart lûden dat de romte foar de supermerk te lyts is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)