Fragen oer wentebou Warten

18 mrt 2010 - 14:32

De FNP-fraksje yn de gemeenteried fan Boarnsterhim wol witte wat de gefolgen binne, no't de bou fan senioarewenten yn Warten sân moanne letter begjint. Wenningkorporaasje Elkien makke dat koartlyn bekend. It giet om seis wenten oan de Rûnwei. De bou soe begjin dit jier út ein sette.

De FNP yn Boarnsterhim wol no fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte hoe't de fertraging kin, wat de gefolgen binne en oft der mear fan sokke gefallen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)