Fragen oer Vitens as sponsor

27 jul 2013 - 10:22
  • Vitens

De steatefraksje fan de PVV hat krityk op de sponsoring fan fuotbalklup PEC Zwolle troch wetterliedingbedriuw Vitens. Neffens de PVV is Vitens yn hannen fan provinsjes en gemeenten en past it it bedriuw net om in fuotbalklup te sponsorjen. Fryslân hat yn 2011 foar 53 miljoen euro 13 prosint fan de oandielen fan Vitens kocht. It is dermei de grutste oandielhâlder yn it bedriuw.

De PVV wol no witte oft de provinsje ek wat oan de sponsoroerienkomst dwaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)