Fragen oer tydlike sluting REC

08 apr 2012 - 14:20
  • De ôffaloven yn Harns

Steatelid Jelle Hiemstra fan Friese Koers wol witte wêrom't de ôffaloven REC yn Harns tydlik ticht moat. It soe opfallend wêze dat de oven trije wike tichtgiet foar ynspeksje en ûnderhâld op in momint dat strangere regels fan krêft wurde. It steatelid fynt trije wike sluting wol hiel lang en hy freget him ôf oft der miskien mear te rêden is. It soe derop tsjutte kinne dat eigener Omrin fan de oven net by steat is om oan de nije regels te foldwaan.

Offalferwurker Omrin makke freed bekend dat de oven foldien hat oan de strangere regels.

Dy strange miljeuregels jilde eins net earder as nei it earste jier. Omrin seit dat se dêr no al oan foldogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)