Fragen oer tekoart by Harmonie

24 sep 2010 - 20:37

Alle opposysjepartijen yn de Ljouwerter gemeenteried wolle opheldering hawwe oer it tekoart fan stedsskouboarch De Harmonie. De skouboarch hat in tekoart fan hast in miljoen euro. De gemeente moat dat tekoart oansuverje en dêroer hat it kolleezje al yn maaie dit jier in beslút nommen.

Pas dizze wike is de ried ynformearre. De opposysje wol witte wêrom't dat sa lang duorre hat. No moandei sil de ried oer De Harmonie prate/

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)