Fragen oer steuring Techum

22 des 2010 - 17:35

De VVD-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert wol opheldering oer steurings by it waarmtekrêftstasjon yn de Súdlannen. Tiisdei foel de ferwaarming út nei't earder dizze moanne ek al problemen wiene. Doe moasten der by de berne-opfang ekstra kachels pleatst wurde om it waarm te hâlden.

Tiisdei foel de ferwaarming hielendal út. De sintrale dy't draait op biogas fan proefbuorkerij Nij Bosma Zathe by Ljouwert hat wol faker problemen hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)