Fragen oer spoar Drachten

12 nov 2008 - 09:55

De gemeenteried fan Smellingerlân easket opheldering fan de provinsje oer de kosten fan de spoarline by Drachten lâns. Tiisdei beprate de ried de takomstplannen fan de gemeente, mar dêryn is noch gjin rekken hâlden mei de kosten fan dat spoar.

De spoarferbining tusken It Fean en Grins wurdt betelle mei de jilden dy't it Ryk oan it Noarden jout omdat it Suderseespoar net trochgiet. It bedrach dat Smellingerlân sels bylizze moat is noch altyd net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)