Fragen oer skoalle Westereen

18 maaie 2013 - 13:12
  • Gemeente Dantumadiel

It CDA yn Dantumadiel stelt skriftlike fragen oan it kolleezje om regionale bouwers te belûken by de bou fan de brede skoalle yn De Westereen. De fragen wurde steld nei oanlieding fan de politike rel yn Skarsterlân yn ferbân mei de bou fan de brede skoalle op De Jouwer. Dêr is de oanbesteging gund oan in bedriuw fan bûten de provinsje.

Neffens it CDA moat De Westereen gjin twadde De Jouwer wurde. Se wolle no graach fan de gemeente witte wat dy der oan docht om regionale oannimmers in earlike kâns te bieden.

Ein 2012 hat de ried fan Dantumadiel ynstimd mei de bou fan de brede skoalle yn De Westereen foar in bedrach fan fiif miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)