Fragen oer salaris NUON-topman

21 apr 2011 - 14:36

De steatefraksjes fan PvdA en CDA hawwe fragen steld oer de salarisferheging fan de nije topman fan enerzjybedriuw NUON. Dat is mei mear as 300.000 euro omheech gean om't er fan de nije eigner Vattanfall gjin bonus mear krije mei.

Neffens de PvdA is de ferheging yn striid mei de ôfspraken. De provinsje Gelderlân hat al earder beswier oantekene. De fraksjes wolle no dat Fryslân as oandielhâlder fan NUON dat beswier stipet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)