Fragen oer reis Van der Werff

30 mrt 2011 - 11:34

De reis fan boargemaster Aucke van der Werff nei Gana kostet gjin 53.000 euro. Dat seit de gemeente Noardeastpolder. Van der Werff wie earder boargemaster fan It Bilt en rekke oer de reis yn opspraak. Hy is frege yn Gana by in skoalle te sjen dy't mei gemeentlike stipe opknapt is.

Neffens de VVD kin de reis net trochgean yn tiden fan krisis. Neffens de gemeente is der in potsje mei jild foar en binne de kosten noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)