Fragen oer prizen Doeksen

19 aug 2014 - 07:51
  • De fearboaten fan Rederij Doeksen yn de haven fan Skylge

De steatefraksje fan Friese Koers wol opheldering fan Deputearre Steaten oer in priiseksploazje by rederij Doeksen, sa as de partij it neamt. Neffens de partij betelle in gesin mei ien bern en in lytse auto ferline jier simmer 96 euro foar in retoer. No is dat 210 euro. Studinten binne 26 euro kwyt, dat wie 8 euro.

Friese Koers seit dat minsken harren reis annulearje fanwege de hegere prizen. De partij wol dat kommissaris fan de Kening Jorritsma om útlis freget oan steatssekretaris Wilma Mansveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)