Fragen oer oanrydtiden plysje yn Achtkarspelen

10 mrt 2015 - 13:23

De FNP en Gemeentebelangen yn Achtkarspelen wolle fan boargemaster en wethâlders dúdlikheid oer de oanrydtiden fan de plysje. Ferline wike kaam yn it nijs dat ûnder oare yn Achtkarspelen yn hast de helte fan de gefallen de plysje der langer oer docht om by in melding te kommen as de fyftjin minuten dy't der foar stiet.

Beide partijen wolle no witte hoefolle minuten langer de plysje ûnderweis is en wat foar aksje boargemaster en wethâlders ûndernimme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)