Fragen oer NUON-beleaning

05 nov 2009 - 10:05
  • Vattenfall hat de NUON-oandielen oerkocht

Der is by de opposysjepartijen yn de Steaten fernuvering oer in beleanning dy't in advysburo krigen hat foar de ferkeap fan de NUON oandielen. It buro Sequoia krijt dêr 7 miljoen foar. Dat bedrach is in persintaazje fan de 1,2 miljard dy't de provinsje krige.

De opposysje fynt dit bedrach yn dizze tiid fan ekonomyske krisis fierstente heech en wol opheldering. Deputearre Galema wol gjin ûndersyk ynstelle, mar makket in opsomming fan wat it buro foar de 7 miljoen euro dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)