Fragen oer nijbou Skâns op oar plak yn De Gordyk

18 maaie 2015 - 14:42
  • De Skâns

Politike partij BAS-Opsterlân wol fan de gemeente witte wêrom't Opsterlân de nijbou fan multyfunksjoneel sintrum De Skâns op De Gordyk op in oar plak hawwe wol. Neffens BAS-Opsterlân kinne ynstellings, boargers en (sport-)ferienings har net fine yn de plannen. De partij hat gearkomsten hâlden, brieven krigen en sawat 1300 hantekeningen sammele dêr't út bliken docht dat de Gordyksters hielendal net wolle dat De Skâns út it sintrum ferdwynt.

De partij hat hjiroer fragen steld. It akkommodaasjebelied komt op 1 juny oan de oarder yn de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)