Fragen oer ljocht Dairy Campus

15 apr 2014 - 13:35
  • Led-ferljochting

De fraksje fan de PvdA yn Ljouwert wol fan it kolleezje mear ynformaasje oer de útstjit fan ljocht by de Dairy Campus oan de Boksumerdyk. Ynwenners fan Boksum, Jellum en Bears binne benaud foar saneamde ljochtfersmoarging no't de Campus útwreidingsplannen hat.

De PvdA wol witte oft der easken steld wurde oan de ferljochting. Ynwenners fan Boksum ha fierder ek lêst fan de bûtenferljochting fan it gebou fan PostNL. De lampen soene te fel wêze.

De politike partij wol fan it kolleezje witte of dit soarte fan problemen yn de takomst foarkommen wurde kinne troch dúdlike regels op te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)