Fragen oer learlingeferfier

16 jan 2013 - 22:10
  • Gemeente Opsterlân

De PvdA yn Opsterlân wol witte hoefolle de gemeente betellet foar it ferfier fan learlingen nei in skoalle bûten de gemeente. Ferline jier hat de gemeenteried besletten de kosten fan dat ferfier op him te nimmen. Yn de Twadde Keamer ha de PvdA en de VVD lykwols oanjûn dat se wolle dat âlden dy kosten sels betelje.

Yn 'e regel wurde bern fanwege religieuze redenen nei in oare skoalle stjoerd. De PvdA yn Opsterlân wol ek witte om hoefolle bern it krekt giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)