Fragen oer krusings Ljouwert

08 jun 2011 - 21:47
  • Stêdhûs Ljouwert

De ChristenUnie yn de gemeente Ljouwert stelt fragen oer de ferkearssituaasjes by de brêgen op de Oosterkade yn de stêd. Neffens de partij soarget it gebrek oan ljocht faak foar gefaarlike situaasjes.

Auto's soene dêrtroch fuotgongers dy't it sebrapaad oerstekke wolle, net sjen. Ek soe der neffens de partij net genôch kontrolearre wurde op de snelheid. Se freegje it kolleezje no om te sjen nei de mooglikheden foar LED-ferljochting by de brêgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)