Fragen oer keazen boargemaster

26 sep 2003 - 00:00

Fryske boargemasters ha in soad fragen oer it foarstel fan minister De Graaf om fan 2006 ôf keazen boargemasters oan te stellen. De Graaf wol alle sittende boargemasters yn maart 2006 dien jaan en dêrnei boargemastersferkiezings útskriuwe.

De keazen boargemaster soe optrede moatte as in lokale regearingslieder, dy't sels syn wethâlders útsiket en de taken fêststelt. It plan wurdt freed bepraat yn de Ministerried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)